Parsepriis foar Henk Gemser

07 nov 2000 - 15:04

Henk Gemser hat dit wykein de parsepriis 'de Nationale Schaatsprijs' krige. Dat wie nei ôfrin fan 'e IJssel Cup yn Deventer, de tradisjonele iepening fan it reedrydseizoen.

De priis is ornearre foar sporters dy't posityf foar sjoernalisten oer stean. Neffens de sjuery levere reedrydtrainer Gemser altyd kundich kommentaar, yn goede en minne tiden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)