Eco-style is bêste ûndernimmer
It bedriuw Eco-style yn Appelskea is moandei lanlik ûndernimmer fan it jier wurden. It bedriuw waard yn Den Haach keazen út trije nominearren. De priis bestiet neist de titel út in bedrach fan 25.000 gûne.
Eco-style makket natuerlike dongstoffen en biologyske bestridingsmiddelen tsjin plantesykten.