Seis jier wachtsje op hierwente

06 nov 2000 - 17:55
Foto: Omrop Fryslân

De wachtlist foar hierwenten yn 'e gemeente Skarsterlân is útgroeid ta in rekordhichte. Mear as 1700 minsken steane ynskreaun by wenningstichting Haskerlân.

De wachttiid foar in gesinswente is in jier, foar senioarewenten is dat fiif oant seis jier. De wenningstichting fynt dat de gemeente mear romte jaan moat foar nijbou.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)