Basisskoallen net brânfeilich
Underwiisbegeliedingstsjinst GCO sit yn noed oer de húsfesting fan basisskoallen. Dy moat ferbettere wurde, sa is direkteur Rinse Boersma fan betinken.
TNO hat de gebouwen okkerdeis ûndersocht. Der wie fan alles mis. De ynrjochting is earmoedich, smoarch en te krap. Boppedat is de klimaatbehearsking net goed en binne in protte gebouwen net brânfeilich.