'Kleine Prijs' giet wer los

© Omrop Fryslân
De 'Kleine Prijs van Sneek' siket foar 1 jannewaris muzikanten foar de edysje fan 2001. Bands of solo-artysten moatte út Fryslân komme om mei dwaan te kinnen. Se meie gjin plaat útbrocht ha en mar ien cover yn har set spylje.
Der binne fiif foarrondes ferspraat oer de provinsje. De finale is ein maaie yn it Snitser Bolwurk. Mear ynformaasje is by Friesland Pop te krijen.