Sydgevel derút troch eksploazje

06 nov 2000 - 12:49

De sydgevel fan in appartemint oan de Lauwers yn Gerkeskleaster is sneontenacht troch in gaseksploazje folslein fernield. De bewenster (31) hearde in knal doe't se oan it fritueren wie.

In buorman helle de frou út hûs. De brânwacht bluste it fjoer dat nei de eksploazje yn de keuken ûntstien wie. It appartemint en twa huzen derneist binne ûnbewenber wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)