Van der Wijk wer kampioen damjen
Wiebe van der Wijk is sneon yn Ljouwert Frysk Kampioen damjen wurden. De 19jierrige spiler prolongearre dêrmei syn titel. Syn lêste partij yn de 13e en lêste ronde wûn er fan Rudolf Smedinga.
Tjalling Goedemoed, Gabriël Heerema en Anton Schotanus einigen op it twadde oant en mei fjirde plak achter de kampioen mei itselde tal punten.