Grutte ferskillen yn wachtlist

© Omrop Fryslân
De wachtlisten yn 'e soarch ferskille yn Fryslân fan gemeente ta gemeente. Dat docht bliken út in ûndersyk fan deiblêd Trouw. De wachttiid foar Berchhiem yn Burgum is mei 21 moanne it langst.
Positive útsjitters binne der ek. By Talma Sionsberg yn Dokkum, Bornea Herne yn Ljouwert en Nij Bethanië yn Tsjummearum is de wachttiid mar ien moanne.