Eigen enerzjy foar boeren

04 nov 2000 - 15:10

Fryske boeren en túnkers kinne mei yngong fan 2002 meidwaan yn in eigen enerzjybedriuw. Troch mei-elkoar gas en stroom yn te keapjen, ferwachtsje de boeren flink besparje te kinnen.

Benammen foar túnkers, dy't in soad enerzjy brûke om de kassen te ferwaarmjen, soe dat flink skele kinne. De plannen foar it eigen enerzjybedriuw komme fan de lânbou-organisaasje LTO.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)