CHN wol learare-oplieding Frysk

© Omrop Fryslân
De Kristlike Hegeskoalle Noard-Nederlân wol de learare-oplieding Frysk graach oernimme fan 'e NHL. De NHL hat ryk en provinsje om ekstra jild frege om de oplieding yn stân te hâlden.
De CHN sjocht goeie kânsen om de oplieding te runnen sûnder ekstra jild. Direkteur Gildemachter fan 'e learareoplieding fan 'e CHN skriuwt dat yn in brief oan de provinsje.