Priis foar boek Geert Mak

© Omrop Fryslân
Skriuwer Geert Mak hat de Trouw publykspriis fan it Nederlânske boek wûn. Ien fan de trije stimmers fûn it boek 'De eeuw van mijn vader' it moaiste boek fan 't jier. Mei-elkoar waarden mear as 30.000 stimmen útbrocht.
Noch net earder hat in boek mei sa'n grutte oermacht de priis wûn. In part fan it boek spilet yn Ljouwert dêr't de famylje Mak wenne hat.