Aksje Fryske ferpleechkundigen

03 nov 2000 - 17:24
Foto: Omrop Fryslân

Nije wike woansdei sille ferpleechkundigen by in noch ûnbekend fersoargingstehûs yn Fryslân lege bêden op strjitte sette. De aksjegroep wol protestearje tsjin it gebrek oan ynfestearrings yn 'e soarchsektor troch it pearse kabinet.

De ferpleechkundigen binne lanlik feriene yn aksjegroep 'De Horzel'. Ek yn 'e buorprovinsjes Grinslân en Drinte sil deselde aksje fierd wurde.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)