Twarres op BBC Worldservice

© Omrop Fryslân
It súkses fan Twarres begjint ek bûten Nederlân op te fallen. Mirjam Timmer en Johan van der Veen geane nije wike nei België foar promoasje-optredens.
Tongersdei besteget de BBC Worldservice omtinken oan it súkses fan it Wergeaster duo. Fansels waard it nûmer 'Wêr Bisto?' dêrby ek draaid. Yn Nederlân binne fan 'Wêr Bisto?' al mear as 40.000 eksimplaren ferkocht, en dat is goed foar goud.