SC Hearrenfean lit punten lizze

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean liet woansdei yn eigen stadion djoere punten lizze. De ploech fan Foppe de Haan kaam tsjin Sparta net fierder as in 1-1 gelykspul.
De Feansters sleaten de earste helte noch wol mei winst ôf troch in goal fan Lurling yn 'e 25e minút. Mar se koene de foarsprong net fierder útbouwe. Langerak soarge yn 'e 35e minút fan 'e twadde helte foar de gelykmakker.