Jellesma twads-bêste grienteboer

02 nov 2000 - 16:34

Se wûnen him krekt net, de bruorren Jellesma fan St. Nyk. De titel 'Bêste ierdappel-, griente- en fruitspesjalist fan Nederlân' gie krekt oan harren noas foarby. Dochs is in twadde priis ek net om 'e nocht.

De sjuery priizget de kreativiteit fan de 'grientebruorren'. Ek hawwe hja each foar detail. Sa hat de saak Jellesma geregeld temawiken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)