Nij libben foar Korenbeurs?

© Omrop Fryslân
De Korenbeurs yn it sintrum fan De Gordyk wurdt nei alle gedachten restaurearre. De gemeente Opsterlân lit dêr plannen foar ûntwikkelje.
De histoaryske Korenbeurs út 1660 is yn ferfal rekke. De renovaasje past yn de plannen om it doarp moaier te meitsjen. Yn de fernijde Korenbeurs soenen winkels komme moatte. Giet it plan net troch dan is it gebou proai foar de sloper.