Floralia hâldt der mei op

02 nov 2000 - 10:59

De twa-jierlikse blommetentoanstelling Floralia yn Oentsjerk hâldt op te bestean. Alle jierren lûke de blommemozaiken yn de tún fan Stania State wer minder besikers.

Boppedat binne der hieltiten minder dielnimmers te finen en hat it bestjoer in finansjeel tekoart. Floralia sil no in optocht wurde. De namme bliuwt wol bestean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)