Rydbewiis foar heftrucksjauffeur
Der moat ien wetlik diploma foar heftrucksjauffeurs komme. Dat seit de bedriuwslieder fan in opliedingssintrum foar ferfier en logistyk yn Ljouwert. Op de wurkflier barre in soad ûngemakken om't de sjauffeurs min oplaat binne.
Fakbûnen en wurkjouwers koenen it moandei net iens wurde oer in heftruckrydbewiis. It ministearje fan Sosjale Saken moat beslute oft it rydbewiis nedich is.