Sylmaraton nei útstel fan start

01 nov 2000 - 09:49

Yn Harns is de sylmaraton Slach yn 'e Ronte tiisdei dochs noch fan start gien. It evenemint wie in dei útsteld fanwege de stoarm. Allinnich by in wynwarskôging foar krêft 9 wurdt de silerij op 'e nij stillein.

De sylskippen moatte de havens fan alle Waadeilannen en dy fan Noardpoldersyl yn Grinslân oandwaan. Oer in wike moatte se werom wêze yn Harns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)