Wer frou betaaste yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Foar de twadde kear yn twa dagen hat yn Ljouwert in ûnbekende him fergrypt oan in frou. Moandeitemiddei wie in 20jierrige ynwenster fan 'e Fryske haadstêd it slachtoffer. By sportkompleks It Kealledykje waard se fan 'e fyts lutsen.
De frou koe loskomme en draafde fuort. De oerfaller naaide út yn 'e rjochting fan Heechterp. Hy hat swarte klean oan, mei dito moffen en bivakmûtse.