Driuwend terras moat ferdwine

31 okt 2000 - 16:03

It driuwende terras fan croissanterie Gilbert moat út 'e grêft fan De Kelders wei. Dat fynt de gemeente Ljouwert. It ponton past net yn 'e plannen fan 'e herynrjochting. De gemeente wol yn 'e grêften in iepen farrûte hawwe.

De eigner fan 'e broadsjessaak easket no fan 'e gemeente in oare lokaasje foar in terras. Mooglik kin dat op De Brol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)