Auto waait yn 'e sleat
In automobilist út Easterwâlde is moandei troch de hurde wyn mei syn wein fan 'e dyk rekke en yn 'e sleat telâne kommen. Dat barde op 'e Easthimmerdyk by Wytmarsum.
Mei ûnderkuollingsferskynsels is de automobilist opnommen yn it sikehûs yn Snits. Hy hie ek letsel. Wat dat wie is noch ûnbekend.