Lânboumuseum te keap

31 okt 2000 - 11:37

Lânboumuseum De Brink yn Feankleaster stiet te keap. De eigners, de famylje Kloppenburg, wolle dat harren libbenswurk net ferlern giet. Op 't heden makket in makelder in ynventarisaasje fan 'e mooglikheden fan oername. Dêryn binne ek in tal gadingmakkers behelle.

Fryslân hat noch in oar lânboumuseum, nammentlik yn Eksmoarre. Der moat ien grut museum komme, wêr is noch ûnwis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)