Sulveren Skries útrikt

© Omrop Fryslân
De Sulveren Skries is dit jier útrikt oan greidefûgelkoördinator Anne Venema. Hy betocht in projekt om jongerein yn de kunde komme te litten mei Fryske natuer en te belûken by neisoarch fan de fûgels.
De Sulveren Skries is in priis fan de provinsje foar it bêste plan op it mêd fan agrarysk natuerbehear. It winnende projekt krijt 23.000 gûne subsydzje.