Kaptein fan board helle
Kaptein Wietse Huisman fan Drachten is dit wykein mei fiif bemanningsleden rêden foar de Skotse kust. De Drachtster wie foar Smit Tak dwaande mei de berging fan in Noarsk skip.
Krektlyk as yn Nederlân waaide it in stoarm. By wynkrêft 12 wie it te gefaarlik om oan board te bliuwen. It Noarske skip wurdt no sûnder bemanning nei de haven sleept.