Frou de boskjes yn lutsen

30 okt 2000 - 16:52

In ynwenster fan Ljouwert (24) is sneon op 'e Sudergrêftswâl yn har wenplak de boskjes yn lutsen en betaaste. Dat barde om seis oere middeis hinne. Doe't de oanfaller syn broek losdwaan woe, joech de frou him in traap en naaide se út.

De dieder is in Ingelsk pratende negroide man tusken de 20 en 30 jier. De plysje freget tsjûgen harren te melden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)