Fakânsjehúskes fernield
Yn Eastermar binne dit wykein in trijetal fakânsjewenten molestearre. De ruten binne ynsmiten en ien fan 'e húskes is de ynboedel oeral helle.
De dieders hawwe harren nei alle gedachten oan it glês fan 'e ruten snijd. Der binne bloedspoaren yn 'e wenten fûn. De eigners binne op 'e hichte steld. De plysje hat de saak yn ûndersyk en siket tsjûgen.