Winst foar Hearrenfean

30 okt 2000 - 11:59

SC Hearrenfean hat sneon wer ris wûn yn de KPN Eredivisie. Yn it Abe Lenstrastadion waard De Graafschap mei 1-0 ferslein troch in doelpunt fan Anthony Lurling út in prachtige foarset fan útblinker Mika Nurmela.

Yn de twadde helte krigen de Feansters tal fan kânsen mar mear as ien doelpunt siet der net yn. Hearrenfean klom troch de winst fan it 14de nei it 11de plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)