Banen by belsintrum steane faai
Tsientallen banen by it callsintrum fan KPN-Telekom yn Ljouwert steane faai. Benammen foar útstjoerkrêften driget ûntslach. Fan de 190 minsken dy't by it telekombedriuw wurkje binne der 30 op útstjoerbasis.
Ferline jier waard sein dat it belsintrum yn de haadstêd mei in pear hûndert wurknimmers groeie soe. Lanlik moatte der seistûzen banen by KPN ferdwine.