Moszcowicz: 'IM net prinsipjeel'

© Omrop Fryslân
It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert is net prinsipjeel en hie gjin reden om in grutskalich DNA-ûndersyk yn de Vaatstrasaak ôf te wizen. Dat sei advokaat Moszcowicz freed by it koart pleit fan Peter R. de Vries tsjin de steat.
De Vries easket dat it IM twongen wurdt DNA ôf te nimmen fan 20.000 mannen dy't yn in straal fan 15 kilometer om Feankleaster hinne wenje.