It Bilt wol lytser AZC

© Omrop Fryslân
De gemeente It Bilt wol in lytser asylsikerssintrum yn Sint Anne. Steatssiktaris Cohen prate okkerwyks yn de Twadde Keamer oer de mooglikheid fan lytsere AZC's fan 200 asylsikers. It Bilt wol dêr mear dúdlikheid oer ha.
Yn it doarp wienen fûle protesten tsjin de komst fan it AZC, fral tsjin de grutte. Mei it COA tekene de gemeente al in kontrakt. De boargers bliuwe ferdield.