'Geweld...nee' giet oer de grins
It projekt 'Geweld...Nee!' fan it Fryske toanielselskip Tryater krijt in ferfolch. It stik is nei oanlieding fan de dea fan Tjoelker yn opdracht fan de gemeente Ljouwert foar skoallen makke.
Foar it toanielstik dat Tryater al mear as 500 kear opfierde, is ek bûten de provinsje belangstelling. Yn Tilburg giet it stik yn premiêre. In teatergroep yn Wales kocht de rjochten fan it stik.