McDonald's op 'e Lemmer
Der komt dochs in McDonald's-restaurant op De Lemmer. It wie earst ûnwis oft de fêstiging der kaam omdat de gemeente net de 35 meter hege reklamepylder op it terrein ha woe.
De mêst moat minsken fan de dyk ôf wize op it restaurant. Mei de gemeente is de útbater ta in oerienstimming kommen. De mêst komt op in oare lokaasje te stean.