Ezel wer te plak

© Omrop Fryslân
De ezel fan Hielke Sinnema is wer by de eigner werom. Ofrûne wike snein waard it bist stellen út it FEC yn Ljouwert. Sinnema hie de ezel op de merke kocht en wie fan doel him letter mei te nimmen.
Nei't Sinnema Omrop Fryslân ynljochte hie, krige er in soad reaksjes. Fia de plysje ûntduts Sinnema freed it adres fan de dief. Dy seit dat er de ezel meinommen hie om't it dier mishannele wie.