Nije behearder foar Slotpleats

© Omrop Fryslân
De Slotpleats yn 'e bosken by Bakkefean hat in nije behearder. De famylje Lucas komt út it midden fan it lân en wol it teehûs yn novimber wer iepen stelle. Se wolle yn it winterskoft mei ekskurzjes mear besikers oanlûke.
De eardere behearders stapten begjin dit jier op. It slagge har net om fan it goed rinnende restaurant De Slotpleats in teehûs te meitsjen.