Schranstsjerke ferkocht
De grifformearde tsjerke De Schrans yn Ljouwert-Huzum is tongersdei foar krap njoggen ton ferkocht. De nije eigner is Rurenga, hanneler yn ûnreplik guod. Hy is fan doel it gebou oan syn soan oer te dwaan dy't in stunthal hat.
Tal fan kandidaten toanden belangstelling. In kasino, sporthal of restaurant binne neamd. Neffens de eigner soe it ek geskikt wêze as opfang fan dakleazen.