Wer wat hoop foar Koerden
De Koerdyske famylje Düzgün kin mooglik langer yn Nederlân bliuwe. Der wurdt besocht op 'e nij in proseduere te starten foar de flechtlingen, dy't freed útset wurde soenen. Dat giet foarearst net troch.
Troch de nije flechtlingewet ha de Düzgüns gjin rjocht op ûnderdak. Dûmny Nicolay hat foar ûnderdak soarge yn Ketlik. Dêr kinne se oant moandei bliuwe.