Boatebouwer wreidet út

27 okt 2000 - 09:23
Foto: Omrop Fryslân

Boatebouwer Aluboat yn Hylpen sil útwreidzje. It bedriuw fergruttet syn flieroerflak mei 600 kante meter. Tenei kin Aluboat dêrtroch oan twa skippen tagelyk wurkje.

Aluboat is yn Nederlân de iennige dy't rêdingsboaten meitsje mei. It bedriuw is fierder ferneamd om syn tige grutte jachten, dy't oer de hiele wrâld hinne te finen binne.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)