Skiedsrjochter mishannele
In 59-jierrige Ljouwerter dy't tiisdei yn Makkum in sealfuotbalwedstriid fluite, hat oanjefte dien fan mishanneling nei't er troch in spiler fuorttreaun waard.
De spiler fan Ny Engwier 4 wie lilk wurden oer in beslissing fan de skiedsrjochter en joech him in triuw. De Ljouwerter kaam te fallen en bruts de pols op twa plakken.