Achterom it gemeentehûs yn
De ynwenners fan Wûnseradiel sille de earste tiid wat nuver it gemeentehûs yn moatte. Fanwege de nijbou moatte besikers tenei fia de achteryngong nei binnen. De nije entree is oer in heal jier klear.
Tongersdei waard it earste part fan de nijbou fan it gemeentehûs oplevere. It nije pân stiet njonken it besteande gemeentehûs.