Philips Drachten bestiet 50 jier

© Omrop Fryslân
Philips Drachten ynvestearret yn de bou fan in nij laboratoarium. Dat makke de direkteur tiisdei bekend by it begjin fan de jubileumfestiviteiten. De fêstiging dêr't benammen skearappaten makke wurde, bestiet fyftich jier.
Yn it laboratoarium stiet ynnovaasje en ûntjouwing fan húshâldlike apparaten sintraal. Philips organisearret oant desimber ta feestlike aktiviteiten.