Justysje: gjin grut DNA-ûndersyk

© Omrop Fryslân
Justysje bliuwt by it stânpunt dat in grutskalich DNA-ûndersyk yn de Vaatstrasaak net oan de oarder is. De justysjeminister liet moandei oan de Twadde Keamer witte dat er sa'n grut ûndersyk net útslút, mar it moat wol wat opsmite.
It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert nimt it beslút oer it al of net útwreidzjen fan it ûndersyk nei alle mannen yn de omkriten fan Feankleaster.