Brêgewipperswenten yn 'e ferkeap
De gemeente Wûnseradiel docht de seis brêgewipperswenten yn 'e ferkeap. De huzen wurde oan 'e sittende hierders oanbean.
De gemeente wol derôf om't de wenten net mear nedich binne. De measte brêgen wurde no yn ploegetsjinst bestjinne fan in sintrale karavan út. De opbringst fan 'e ferkeap giet nei in opknapbeurt fan brêgen en diken.