Kontrôle tankstasjons oan wetter

24 okt 2000 - 17:19
Foto: Omrop Fryslân

It miljeubelied fan tankstasjons oan it wetter yn Noard-Fryslân wurdt de kommende tiid tsjin it locht hâlden. Der wurdt yn 15 noardlike gemeenten benammen sjoen nei boaiem- en wetterfersmoarging.

De kontrôle is in gearwurking tusken plysje, iepenbier ministearje, wetterskip en gemeente. De yntergemeentlike miljeu-advystsjinst koördinearret de kontrôles.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)