Parasjutist út see oppikt
De bemanning fan in fiskersskip hat moandei by It Amelân in parasjutist út see oppikt. De man wie ûnderkuolle. Hy wie mei syn maat fan fleanfjild Ballum ôfset. Nei de sprong rekken se út de koers.
De oare parasjutist kaam wol op it eilân del, mar net op it fleanfjild. De plysje hat him letter fûn. De SAR-rêdingshelikopter hoegde net yn aksje te kommen.