Bân mei Israël en Palestina

© Omrop Fryslân
De gemeente Opsterlân wurket oan in freonskipsbân mei in Israëlyske en Palestijnske gemeente. De Fryske gemeente hie al kontakten mei it Israëlyske Ra'anana en besiket it Palestijnske Beit Sahur dêr no yn te beheljen.
It inisjatyf fan boargemaster Cornelis is bysûnder om't de twa folken mar gjin frede slute kinne op heech nivo. Cornelis hopet op in praktyske gearwurking.