Ferlies foar Cambuur
Cambuur hat moandeitejûn mei 3-2 fan Excelsior ferlern. De Ljouwerters kamen mei in doelpunt fan Rook al nei tsien minuten op foarsprong yn Rotterdam.
De Rotterdamske ploech skoarde foar rêst trije kear, twa goals foar Buffel en ien foar Mtiliga. Van der Heide makke krekt foar de ein fan de wedstriid it twadde doelpunt foar Cambuur. Excelsior is koprinner yn de Toto-divyzje.