Brânstichter Snits oppakt

© Omrop Fryslân
De pyromaan fan Snits is sneontenacht troch de plysje oanhâlden. It is in 21jierrige ynwenner út de stêd. De plysje betrape him yn de wyk Noorderhoek doe't er dy nacht foar de tredde kear in jiskekontener yn de brân stuts.
Op it buro bekende de man dat er yn de ôfrûne moannen seis karavans oanstutsen hie en skuldich is oan njoggen oare brânen. De skea wurdt rûsd op in ton.