Alle Bergsma sterkste Fries

© Omrop Fryslân
Alle Bergsma út Wâldsein is sneon yn syn eigen wenplak útroppen ta Sterkste Man fan Fryslân. Tsien dielnimmers strieden yn sporthal De Driuwpôle om de titel.
Robert Zaal út Bûtenpost einige as twadde, folge troch de mei 138 kilogram swierste dielnimmer Garrit Visser fan Drylts. Grutte ôfwêzige wie de blessearre Sije van der Veen fan 'e Westerein.