Figuranten spylfilm socht

23 okt 2000 - 10:17

Foar de VARA-televyzjefilm Dioscuren wurde Fryske figuranten socht. Op 14 novimber is yn Mildaam de opname fan in massasêne. De fergoeding foar de figuranten is fyftich gûne.

Minsken tusken de 20 en 40 jier kin har opjaan troch in brief mei foto te stjoeren nei Simon de Vliegerstrjitte 62, 8932 ER Ljouwert. Set der de âldens, lingte en de skuon- en kleanmaat by.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)